Kollum: "Misbaksel"
"Dit wykein hiene wy in brulloft yn Appelskea. It wie prachtich moai waar mei folop fleurige minsken. Nei de seremoanje yn de Keale Dunen, dûkten wy mei ús allen de keuken yn foar it meitsjen fan it brulloftsmiel. No ja, mei ús allen. Myn itensied-keunsten binne no net echt om oer nei hûs te skriuwen, dus dit festijn bleau my gelokkich besparre.

De Toan fan Nynke van der Zee
Wêr't oare breidspearen kieze foar in 'cateraar' dy't alles regelet, hie dit stel it idee betocht om mei ús allen in buffet gear te stallen. Fan tefoaren krigen alle gasten in mailtsje mei dêryn it gerjocht dat se meitsje mochten. Ik seach de bui al hingjen. Bruchetta's, puntpaprikasop of ravioaly mei truffel; skytsenuweftich iepene ik it mailtsje mei myn kulinêre opdracht.
Myn gedachten gongen werom nei in brulloft fan freonen yn de Achterhoek, hast tsien jier lyn. Elkenien waard frege om in 'arretjescake' mei te nimmen. Ik hie noch nea fan sa'n cake heard, dus googelje. It resept wie hiel ienfâldich, neffens de website. Dus ik oan de slach mei aaien, bastertsûker, mariabiskwy en kakaopoeier. Al gau wie de keuken in wier slachfjild. Op ynternet stie dat it meitsjen fan de cake nea langer as 25 minuten duorje koe. Ik wie nei oardel oere noch net klear. Dêrnei moast myn kreaasje twa oeren yn de kuolkast om 'op te stijven'.
Fansels hie ik nei dy martelpartij yn de keuken sels ek al wol sjoen dat myn 'arretjescake' net hiel bot like op it foarbyld op de webside. Mar op de ien of oare wize hoopje jo dan dochs dat dy twa oeren yn de kuolkast in metamorfoaze teweech bringe sille. Doe't ik de kuolkastdoar fol ferwachting iepen die, wie dy make-over lykwols spitich genôch útbleaun. It resultaat like yn de fierste fierte net op it plaatsje op ynternet. Yn stee fan in moaie fjouwerkante taart wie it mear in platte, drûge koeke wurden.
Tiid om in nijen ien te meitsjen wie der net, dus it misbaksel gong mei nei de Achterhoek. As ien fan de earste gasten kepere ik myn mislearre 'arretjescake' stikem op de grutte tafel yn de feestseal. Al rap folgen der mear cakes. Stik foar stik presys sa as op it plaatsje op ynternet. It breidspear gniisde doe't se myn kreaasje seagen. Doe't bekend waard dat dy platte koeke fan my wie, krige ik de iene nei de oare opmerking om de earen. Ik hie better sûkerbôle meinimme kinnen.
Lit ik mar earlik wêze: iten meitsje is net myn sterkste punt. Op myn twadde 'date' makke ik selsmakke pizza. It resultaat wie ferskriklik. Yn plak fan in lekkere knapperige boaiem wie it in sloppe pankoek wurden. De kilo gehak dy't ik der boppe-op smiten hie, makke alles fettich en weak. De griente wie noch net hielendal goed gear, mar de tsiis yntusken al oanbrând.
Ik koe troch de senuwen dochs gjin hap troch myn kiel krije, dus foar mysels fûn ik it net sa slim. Mar myn 'date' moast de tosken der ek noch ynsette. Ik fûn it suver skande. Uteinlik is it goed kaam, mar tsjintwurdich bin ik de keninginne fan de kant en kleare ovenpizza's.
Werom nei it mailtsje dat ik krige oer it buffet foar de brulloft ôfrûne wykein en myn beëage kulinêre bydrage dêr oan. Gelokkich wie dit breidspear fan tefoaren al op 'e hichte fan myn 'beheining'. Yn it mailtsje stie hiel leaf: 'We hebben rekening gehouden met je weerzin tegen koken. Neem jij maar gewoon een pak vla mee voor het dessert.'
En dat is slagge. Foar it earst hawwe minsken hearlik iten fan myn itensied-keunsten. Dochs bêst knap, foar in misbaksel."