Reuzen lûke op snein 175.000 besikers, totaal mear as 400.000

De Reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert hawwe op de lêste dei goed 175.000 besikers nei Ljouwert lutsen. Dat hat boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert bekend makke.
Kwoot Crone ynternet
Ljouwert nimt ôfskie fan de reuzen en de Frânsen fan de stêd. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
It totale besikersoantal is dêrmei boppe de 400.000 útkaam, seit Crone. De earste dei wiene der 95.000 minsken foar de Reuzen nei de stêd takaam. Sneon wiene it der tusken de 150.000 en de 160.000 minsken.
It ôfskied op snein wie it drokste. Neffens de gemeente Ljouwert hawwe der 175.000 besikers west. Ofsjoen fan de fertragingen op it spoar is de snein sûnder problemen ferrûn, neffens Crone.