Grutte problemen treinferkear: kom net nei stasjon Ljouwert

De NS freget minsken net nei it stasjon yn Ljouwert te kommen. Dat fanwegen in steuring op it spoar tusken Meppel en Zwolle. Dêr is in boppelieding skansearre. Der wurdt op it stuit ûndersocht hoe grut de skea is en hokker gefolgen dat hat foar de hersteltiid.
Grutte problemen treinferkear: kom net nei stasjon Ljouwert
De ferfierder freget dêrom minsken dy't de tiid hawwe, letter te reizgjen. Der binne op it stuit mar inkelde bussen beskikber, mar dat is lang net genôch om elkenien te ferfieren. Op it stuit is it net mooglik te reizgjen tusken Fryslân en bestimmingen fierder as Meppel.
Neffens ProRail is de boppelieding oer in trajekt fan ûngefear in heale kilometer skansearre troch in trein. Monteurs hawwe fêststeld dat it yn elts gefal mooglik is fan 18.15 oere ôf fia ien spoar beheind te riden.
© Omrop Fryslân, Jolanda van Steinvoorn