Liveblog | 19 augustus 2018

LIVEBLOG: De finaledei fan De Reuzen

Snein is de lêste dei dat de trije Reuzen fan Royal de Luxe troch de Kulturele Haadstêd rinne. Yn ús liveblog folgest de tocht oer de wetters fan Ljouwert.
Lêst bywurke: 24 augustus 2018, 11:13
20:25

Ein fan de liveblog

Lykas foar de reuzen komt der ek in ein oan ús reuzeaventoer. Dankewol foar al jim berjochtjes en reaksjes. Moarn fansels mear reaksjes op û.o. de radio en hjir online yn de Omrop-app of ús website. Au revoir, oant sjen!
19:18

Update treinferkear: de hiele jûn pindeltsjinst tusken Ljouwert en Meppel

De NS lit witte dat der de hiele jûn beheind treinferkear bliuwe sil en dat se mei in saneamde pindeltsjinst ride. Dat betsjut dat der mar ien treinstel tusken Ljouwert en Meppel ride sil.
19:09

De besikerssifers fan de ôfrûne dagen

Freed: 95.000
Sneon: 150.00 - 160.000
Snein: 175.00 neffens boargemaster Ferd Crone
19:06

Bylden fan de drokte op it stasjon fan Ljouwert. It wachtsjen is op it opstarten fan it ferfangend ferfier.

Grutte problemen treinferkear: kom net nei stasjon Ljouwert
18:46

Op Twitter kin it team fan Royal de Luxe rekkenje op in soad kompliminten

18:35

Problemen op de parkearterreinen

Fia de Omrop-app krije we berjochten binnen oer de grutte drokte op it parkearterrein. Minsken freegje harren ôf hoe't it kin dat dit net better regele is. Guon stean al mear as in oere fêst.
Ien kear op wei kin it ferkear goed trochstreame. Der binne gjin grutte opstoppings op de tagongswegen.