FIDEO: Imaginarium Festival fan start yn Park Vijversburg

FIDEO: Imaginarium
Foar de sechsde kear is it Imaginarium Festival fan start gien yn Park Vijversburg yn Tytsjerk. Dizze kear kinne besikers net twa, mar trije dagen omrinne yn en om in midsiuwsk doarp. Der is livemuzyk, in merk en ek binne der aktiviteiten foar de hiele famylje. Fierder is der op Imaginarium in toernoai fan de midsiuwske fjochtsport Bohurt, mei teams út de hiele wrâld.