Winst foar Harkemase Boys tsjin ASV De Dijk

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontejûn op De Harkema de twadde ronde fan de foarronde fan de KNVB Beker berikt. Yn it duel tsjin ASV De Dijk wûn Harkemase Boys mei 2-1 fan de besikers út Amsterdam.
© OrangePictures
Nei in healoere kaam Harkemase Boys op foarsprong. Robert Stelpstra wie ferantwurdlik foar de 1-0. Nei it skoft koe De Dijk de lykmakker op it boerd sette. Kubilay Koylu makke de 1-1. Yn de slotfaze pakten de Harkiten dochs noch de winst, doe't Jesse Renken in strafskop binnen skeat: 2-1.