'Kongolo ferfangt Thorsby by wedstriid SC Hearrenfean-Vitesse'
SC Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink sil net in soad wizigingen oanbringe yn syn basisalvetal foar de thúswedstriid tsjin Vitesse. Allinnich middenfjilder Morten Thorsby is der nei syn reade kaart tsjin PEC Zwolle net by. Thorsby is foar ien wedstriid skorst. Syn ferfanger is nei alle gedachten Rodney Kongolo, al woe Olde Riekerink dêr freed net al tefolle oer sizze.
Olde Riekerink Hearrenfean - Vitesse
Hearrenfean hie mei in 3-2 oerwinning op PEC Zwolle in prima start fan de kompetysje. It wie foar it earst sûnt 13 desimber 2013 dat Hearrenfean dêr de trije punten helle.
Sneintemiddei komt Vitesse op besite nei it Abe Lenstra stadion. Dy ploech makke ferline wykein mei in 5-1 oerwinning op FC Grins behoarlik yndruk.
Rienstra Hearrenfean - Vitesse
De nije oankeap Ben Rienstra set útein op de bank. De rûtinier tekene ôfrûne woansdei in trijejierrich kontrakt by SC Hearrenfean en ferwachtet op koarte termyn in basisplak ôf te twingjen.
Opstelling nei alle gedachten: Hahn; Schmidt, Høegh, Bulthuis, Pierie; Kobayashi, Kongolo, Vlap; Mihajlovic, Lammers en Zeneli.