Grutte put foar pompbedriuw Van Heck: wetter de Vecht yn pompe
Pompbedriuw Van Heck út Noardwâlde hat der troch de drûchte in protte wurk by. In wike lyn helle it bedriuw al wetter fan De Linde nei de Noordwoolder Vaert, no hie it bedriuw in ferlykbere, mar gruttere put: der wurdt wetter út it IJmeer de Vecht yn pompt.

Troch de oanhâldende drûchte is it wetterpeil fan de Iselmar sakke. Dêrtroch kin der gin wetter fan de rânemar it IJmeer yn de Vecht en achterlizzende natuergebieten litten wurde. Yn de simmer streamt it wetter oars altyd út it IJmeer troch de seeslûs fan Muiden, sa de Vecht yn. Dat komt troch't it wetter yn het IJmeer dan heger stiet as yn de Vecht.
Twa pompen by it Muiderslot
Van Heck hat twa pompen ynstallearre by it Muiderslot. Dy pompen wurde oandreaun troch disel en kinne goed 8.000 kúb de oere oer de dyk pompe, om it dêrnei nei de Vecht ta te lieden.
Ynnovatyf plan
Yn de Grote Zeesluis sitte nochris trije elektrysk oandreaune pompen. Dat wie in grutte útdaging: dy slûs leit yn it sintrum fan Muiden en is sûnt 2005 in ryksmonumint. Om de slûs gjin skea te dwaan, wie in ynnovatyf plan nedich, om't der gjin plak wie foar de kranen dy't oars altyd brûkt wurde om de pompen te pleatsen. Yn stee dêrfan driuwe de pompen no.
It wetter streamt no troch de Vecht nei it Naardermeer. Dat is nedich om skea oan dat ekosysteem foar te kommen. It Naardermeer is it âldste natuermonumint fan Nederlân.