Ramp brêge Genua liedt ta fragen yn Opsterlân

Kinne de brêgen yn Opsterlân einliks it autoferkear fan no wol oan? Dy fraach stelt de fraksje GrienLinks-Opsterlanders oan boargemaster en wethâlders fan Opsterlân, nei oanlieding fan it ynstoarten fan de brêge by de Italiaanske stêd Genua. Dêrby foelen seker 39 deaden. As mooglike oarsaak foar it ynstoarten wurdt tocht oan achterstallich ûnderhâld fan de brêge.
Brêge iepen © Shutterstock.com
De fraksje GrienLinks-Opsterlanders wiist derop dat in grut diel fan de brêgen yn Opsterlân yn de twadde helte fan de foarige iuw boud is. "Hierbij is uitgegaan van een belasting door het wegverkeer gebaseerd op gebruik en gewicht van de voertuigen uit die periode." De fraksje tinkt dat troch feroare gebrûk, lykas it tanommen tal auto's en har gewicht, en troch âlderdom de kâns op skea en ûnfeiligens tanimt. "De wegbeheerders zullen rekening moeten houden met een grote renovatie en/of vervangingsopgave van hun kunstwerken."
De fraksje wol fan boargemaster en wethâlders ûnder oare witte oft bekend is hokker brêgen yn Opsterlân te krijen hawwe mei achterstallich ûnderhâld en hoefolle jild der reservearre is foar ûnderhâld en renovaasje fan brêgen. Ek freget de fraksje GrienLinks-Opsterlanders oft de gemeente ree is om it ûnderhâld oan gemeentlike brêgen oan te passen nei oanlieding fan it ynsidint yn Genua.