Muorreskildering as oade oan Ljouwerter levertraanfabryk
As je woansdei of tongersdei troch de binnenstêd fan Ljouwert rinne, yn de buert fan de Fryske Akademy, dan hawwe je kâns om restauraasjeskilder Gerard Buising oan it wurk te sjen oan in muorreskilderij mei it logo fan levertraanfabryk Draisma van Valkenburg. Dat bedriuw produsearre fan 1855 oant 1974 flessen mei Noarske levertraan. Earst op de Brol oan de Kelders, letter oan de Doelestrjitte yn Ljouwert.
ONLINE Levertraan muorreskildering
Wa is der yn de foarige iuw net grut mei wurden? Alle dagen in grouwe leppel mei levertraan. It soe helpe tsjin allerhande sykten en kwalen. Ad Fahner, bestjoerslid fan it Ljouwerter genoatskip Muurtaal, kin der yn alle gefallen oer meiprate. "Nou wa' dat in heel fies spul hoor, dat levertraan. Ik hew it froeger self oek wel had. Dan moesten je de neus dichtknipe om der in skep fan binnen te krijen. En dan daarna noch in klontsje suker of in pepermuntsje fan je moeke om de smaak fut te krijen."

Noarske levertraan
Yn 1970 ferkocht it Ljouwerter levertraanfabryk noch 600.000 flessen mei levertraan, ôfkomstich fan de lever fan Noarske kabeljau. Fjouwer jier letter slute it bedriuw de doarren, doe't fitaminepillen hieltyd mear yn opkomst wienen. It genoatskip Muurtaal hat him de lêste tweintich jier ynset om dy fergetten stikjes histoarje fan Ljouwert wer sichtber te meitsjen. De muorreskildering oan de Doelestrjitte is de fyftjinde yn de rige.

Reportaazje mei Ad Fahner (genoatskip Muurtaal) en restauraasjeskilder Gerard Buising