Hinke út Dearsum hellet finish swierste hynsterace Mongol Derby

It is Hinke van der Werf út Dearsum slagge om de langste en swierste hynsterace yn 'e wrâld út te riden, de Mongol Derby. Dat is in race oer tûzen kilometer oer de steppe fan Mongoalië. Van der Werf hat de finish yn sân dagen helle, wylst der maksimaal tsien dagen foar stiene.
Mongol Derby © Twitter, @mongolderbylive
Sus Harmke van der Werf oer de Mongol Derby
De Mongol Derby is in race sûnder definitive rûte. De fjirtich dielnimmers moatte sels it paad fine troch de Mongoalske wyldernis. De Friezinne wie oan it begjin fan de race efteroan rekke, mar koe yn de ôfrûne dagen in ynhelrace ynsette.
Neffens de organisaasje is it hynder fan Van der Werf fuort nei in bistedokter stjoerd foar in tsjek, wylst se sels in Snickers krige om efkes te bekommen.