Boeren krije útstel fan belestingen
Boeren en túnkers dy't dizze simmer troffen binne troch de oanhâldende drûchte meie letter belesting betelje. Dat meldt boere-organisaasje LTO Nederland.

De belestingtsjinst beskôget it tekoart oan rein as 'bysûndere omstannichheid'. Agrariërs dy't troch de drûchte krap by kas sitte, meie dêrom by de fiskus freegje om útstel fan it beteljen fan ynkomstebelesting, omsetbelesting, leanheffing en fennoatskipsbelesting.
Dizze simmer jildt as de drûchste yn desennia. It tekoart, oftewol it ferskil tusken ferdamping en reinfal tusken april en septimber, giet yn rap tempo rjochting it drûchterekôr fan 1976. Foar in soad boeren draait it út op in finansjele ramp, bygelyks as de opbringst fan harren risping minder is as de kosten dy't se meitsje moatte.