Gefaarlike krusing by Damwâld wurdt oanpast

De stielen hoekmarkearringen op de nije krusing fan de Haadwei en de Conradi Feanlânstrjitte by Damwâld wurde fuort helle. Nei't de markearringen in pear wiken lyn pleatst wiene, kamen der in soad klachten binnen by de gemeente.
Benammen frachtweinen en bussen hiene it dreech om de bocht te nimmen. Se moasten meardere kearen op en del ride om draaie te kinnen. Dêrtroch ûntstiene gefaarlike situaasjes, sa die ferline wike bliken by in test mei in frachtwein en in bus. De objekten wiene krekt delset foar de feiligens fan skoalbern. No't de objekten net foldogge wurde se foarearst fuort helle, mar se komme wol werom. De gemeente sil yn oerlis mei oare belutsenen om te praten oer in better plak.
Frachtwein hat muoite om de bocht te meitsjen © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer