Jouster swimbad sit sa fol dat der net ien mear yn mei

Swimbad Swimfun op 'e Jouwer ropt potinsjele besikers op om net mear te kommen. It swimbad sit moandei sa fol, dat om feilichheidsredenen net ien mear talitten wurdt.
© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Wa't de kommende dagen nei it swimbad ta wol wurdt oanret om moarns of jûns te kommen. Dat binne oan no ta de rêstige mominten op de dei.