LIVE: Skûtsjeskippers net benaud op brodzige Hegemer Mar

In brodzige Hegemer Mar is it striidtoaniel fan de sânde SKS-wedstriid fan dit jier. De waarman fan de SKS ferwachtet in súdwestewyn, krêft trije, dy't ûnder de wedstriid rommet en oanhellet. Nei in útspraak fan de sylried docht it skûtsje fan Hearrenfean wer folop mei oan it kampioenskip. Grou is koprinner yn it klassemint.
It is de earste fan twa wedstriden dy't by Wâldsein fersyld wurdt. Tiisdei is der in ynhelwedstriid, omdat de wedstriid by Earnewâld net troch gong. Dan begjint de race mei in sleepstart. Moandei is der in reguliere start.
Online stjoert Omrop Fryslân de wedstriden live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.