Al 731.000 euro ophelle foar kankerûndersyk Maarten van der Weijden
731.000 euro; dat is de tuskenstân fan de opbringst fan Maarten van der Weijden syn alvestêdetocht foar kankerûndersyk.
Van der Weijden makke dat moandei bekend doe't hy yn Warkum in trainingsrûntsje fan in kilometer of fiif makke. Hy die dat tegearre mei Maarten Offinga, CDA-wethâlder fan Súdwest-Fryslân, dy't ek in betûft 'amateur-duursporter' is. Offinga sil Van der Weijden takom wykein by de echte tocht ek op guon parten beselskipje, benammen yn syn eigen gemeente.

Maarten en Maarten oer de swimalvestêdetocht
Olympysk swimkampioen Van der Weijden wol mei syn tocht safolle mooglik jild ophelje foar ûndersyk nei kanker en kriget dêrby stipe fan in grut tal partikulieren en sponsoaren. Kabaretier Freek de Jonge en Merk Fryslân-direkteur Martin Cnossen ha tasein ek in part fan de rûte mei te swimmen en artysten as Syb van der Ploeg en de band Vangrail sille de tocht muzikaal stypje. Dêrnjonken ha alle stêden in ambassadeur fan de Maarten van der Weijden Foundation, wêrûnder Epke Zonderland, Rintje Ritsma en Ranomi Kromowidjojo.
De alvestêdeswimtocht is in maraton fan 200 kilometer dêr't hûnderten frijwilligers by belutsen binne. Maarten van der Weijden swimt de tocht takom wykein 18, 19 en 20 augustus. Idee is om yn alle stêden wer in nije tuskenstân fan it jildbedrach te jaan mei úteinlik de einstân by de grutte finale yn Ljouwert.