"Right foot up, left foot down", Bart Bendie kin it wol dreame
Al dagen is yogalearaar Bart Bendie út Ljouwert oan it oefenjen mei de Reuzen fan Royal de Luxe. Hy mei, tegearre mei in pear oaren, de rjochterknibbel fan De Dûker betsjinje. "We hebben net de zaterdagavond geoefend. Met tranen in mijn ogen heb ik er naar staan kijken."

Bendie melde him begjin dit jier oan as frijwilliger foar Kulturele Haadstêd. By de ynfojûn oer De Reuzen wist hy it fuort. Hy moast meihelpe by de Reuzen. En oant no ta hat er gjin spyt. Ek al is er al dagen oan it trainen. "Dan ben ik een man van 48 jaar, en dan denk ik: "Ja, met poppetjes spelen? Maar het is fantastisch!"
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei Bart Bendie
Bendie stiet tegearre mei 'in maat' en noch fiif oare koppels klear om de rjochterknibbel te betsjinjen. Se springe fan in bordes om de knibbel omheech komme te litten. As se it tou loslitte, giet de knibbel wer omleech. Dan klimme se wer nei boppen. As de linkerknibbel dan ek wer omheech gien is, is it oan it folgjende koppel om omleech te springen. In minút letter is it wer de beurt oan Bendie.
Per minuut heb ik misschien maar 10 seconden om rond te kijken.
Senuweftich is Bendie net foar takom freed, sneon en snein. Dêr hat er ek net de tiid foar. "Het punt is, ik ben zo bezig met mijn taak. Ik spring van het bordes af, dan moet ik nog iets doen. Dan loop ik terug. En op het moment dat ik weer naar boven geklommen ben, dan ben ik weer aan de beurt. Per minuut heb ik misschien maar 10 seconden om rond te kijken. En als ik me dan voorstel dat er duizenden mensen naast de weg staan te kijken. Tja, ik sta tussen een reus. Mensen zien mij niet. Ik ben bang dat het als een schim aan mij voorbij trekt en dat ik 's avonds op tv moet gaan kijken hoe het er nou uiteindelijk uit heeft gezien."