FNP wol besunigje op amtners

FNP
De FNP Súdwest-Fryslân fynt dat de besunigings fan tolve miljoen euro yn dy gemeente ûnnedich heech útpakke foar ynwenners en ynstânsjes. De FNP wol no dat de gemeente earst de eigen taken fan de gemeente kritysk ûnder de loep nimt troch net fiif mar twintich prosint te besparjen op leankosten fan amtners. Dat soe acht miljoen euro opsmite.
De FNP pleitet no tongersdei yn de riedsgearkomste foar dizze opsje.