Dantumadiel set yn op muzykles

It gemeentehûs fan Dantumadiel © Omrop Fryslân
Bern yn de groepen trije en fjouwer fan it basisûnderwiis yn de gemeente Dantumadiel krije yn de takomst muzykles op skoalle. Dat hat de gemeenteried besletten. It foarnimmen is om it kommend skoaljier al fan start te gean op in oantal skoallen. De lessen wurde fersoarge troch dosinten fan muzykskoalle De Wâldsang.
Foar de groepen fiif en seis yn it basisûnderwiis bestiet de mooglikheid om muzyklessen te folgjen bûten de skoaltiden om.