SC Cambuur wint geheime oefenpot fan Jong Ajax

Sportklup Cambuur wie sneontemiddei mei 2-1 te sterk foar Jong Ajax. De geheime oefenpot waard ôfwurke op De Toekomst yn Amsterdam, en wie de lêste echte trainingswedstriid foar de start fan it nije seizoen.
© Omrop Fryslân
Kevin van Kippersluis
Cambuur kaam al yn de earste helte op foarsprong troch in doelpunt fan Robin Maulun. Yn de 30ste minút koe de middenfjilder de bal nei in moaie kombinaasje mei Van Kippersluis en Conraad achter doelman Van Leer skowe.
De Ljouwerters spilen in goede wedstriid en krigen yn de twadde helte meardere kânsen om de skoare fierder út te bouwen. Dochs duorre it noch oant yn de 72ste minút foar't de bal foar de twadde kear yn it Amsterdamse doel lei. Emmanuel Mbende koe yn in klutssitewaasje de bal achter Van Leer koppe.
Jong Ajax die ek noch wat werom: yn de 87ste minút makke Jensen de 1-2 foar de Amsterdammers. Wêrmei't de einútslach ek fêst stie.
De Ljouwerters begjinne no freed mei it nije seizoen yn de Keuken Kampioen difyzje. Dit dogge se yn in útwedstriid yn Nijmegen tsjin NEC.