Van der Velde nimt boekhannel Waanders oer
Boekhannel Van der Velde yn Ljouwert nimt de Swolske boekhannel Waanders oer. 'Waanders In de Broeren' sit yn de eardere Broerentsjerke yn it sintrum fan de Hanzestêd en wurdt ien fan de moaiste boekhannels fan Nederlân neamd. By de boekhannel heart ek de brassery 'Smaak in de Broeren', dy't ek yn de tsjerke sit.
Van der Velde nimt boekhannel Waanders oer
Mei de oername is de kontinuïteit fan Waanders garandearre. It giet om twa âlde famyljebedriuwen: Waanders bestiet 182 jier, Van der Velde 125 jier. By beide bedriuwen stiet belibbing fan it lêzen foarop. De 74-jierrige Wim Waanders lûkt him werom út de deistige lieding, Ellen Waanders bliuwt foar de boekhannel wurkjen.
Der falle gjin ûntslaggen ûnder it personiel. De Broerentsjerke en de útjouwerij bliuwe eigendom fan de famylje Waanders. Van der Velde hat no 9 winkels yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel.
