Olde Riekerink oer winst yn Zwolle: "Compliment aan de spelers"

SC Hearrenfean wûn freedtejûn de earste wedstriid fan it nije seizoen. Op besite by PEC Zwolle stapten de spilers fan Jan Olde Riekerink as winners fan it fjild (3-2). Wat fûn de trainer, dy't syn offisjele earedifyzjedebút as einferantwurdlike makke, fan de wedstriid?
Trainer Jan Olde Riekerink oer SC Hearrenfean - PEC Zwolle
"Een ongelooflijk compliment aan de spelers", sei Olde Riekerink, "dat we dit over de streep hebben getrokken. Ik vind dat de jongens het met name in de tweede helft uitstekend hebben gedaan."
De trainer seach PEC Zwolle it inisjatyf yn de begjinfaze oernimmen. "We begonnen goed aan de wedstrijd, de eerste tien minuten. Op een gegeven moment gingen we wat naar achteren hangen, maar na de goal van Morten kwamen we weer beter in de wedstrijd."
Dat syn ploech yn de twadde helte fearkrêft toande, ferraste Olde Riekerink net. "Na de nederlagen tegen Hoffenheim en Levante zag ik al wel dat de jongens elkaar niet lieten stikken."
Doke Schmidt nei PEC Zwolle - SC Hearrenfean

Reade kaart

Olde Riekerink hie it momint fan de reade kaart fan Morten Thorsby noch net werom sjoen en koe dêr net oer oardiele. Thorsby sei dat der by de handsbal gjin opsetsin yn it spul wie.
Morten Thorsby oer SC Hearrenfean - PEC Zwolle