Gemeente docht oanjefte fan dea meitsjen beammen yn Wolvegea

Yn Wolvegea binne meardere beammen mei opsetsin dea makke, mooglik troch fergiftiging. Op de hoeke fan de Sportleane en Oranje Nassauleane binne seker fiif grutte ikebeammen fan tsientallen jierren âld, op ûnferklearbere wize dea gien.
© Omrop Fryslân, René Koster
Omwenners oer de deade beammen yn Wolvegea
Eksterne saakkundigen hawwe yn opdracht fan de gemeente Weststellingwerf ûndersyk dien en konkludearren dat der gjin sprake wie fan in natuerlike oarsaak. De gemeente hat dêrom oanjefte dien by de plysje.
© Omrop Fryslân, René Koster
Gemeentewurdfierder Jelleke Bouma oer de deade beammen yn Wolvegea
Omdat der gjin akút gefaar is dat der tûken ôfbrekke sille, wurde de beammen pas letter dit jier kapt en nije oanplante. De hiele operaasje fan kappe en oanplantsje kostet de gemeente sa'n 50.000 euro.