Sulver foar Marit Bouwmeester op WK silen
Marit Bouwmeester hat sulver pakt op it WK silen yn Aarhus. De sylster út Warten gie freed as twadde de medaljerace fan de Laser radial-klasse yn en sa kaam se der ek wer út. It goud wie foar de Belgise Emma Plasschaert, dy't har kopposysje net mear ôfstie.

Bouwmeester waard freed fjirde yn de medaljerace. Dat wie ien plakje foar Plasschaert en dat ferskil wie net grut genôch om it earste plak yn klassemint fan de Belgise oer te nimmen.
It brûns wie foar Anne-Marie Rindom út Denemarken.
Trije kear wrâldkampioen
Marit Bouwmeester pakte trije kear de wrâldtitel. Dat die se yn 2011, 2014 en ferline jier. Ek is se regearjend olympysk kampioene.