Deabiten skiep by Westergeast en Driezum wiene wurk fan wolf

De skiep dy't ein juny by Westergeast en Driezum deabiten waarden, binne yndied it slachtoffer fan in wolf. Dat hat DNA-ûndersyk troch it Faunafûns útwiisd. It giet om twa skiep by Driezum en ien skiep by Westergeast. De eigeners krije no in fergoeding.
In skiep © Shutterstock.com

Eardere gefallen

Earder waarden by De Knipe, Langsweagen en Boyl skiep deabiten. By De Knipe gie it om sân skiep, dêr is hast 950 euro oan de eigener útkeard. By Langsweagen waarden seis skiep deabiten, by Boyl twa. De eigener fan de skiep yn Boyl krige in fergoeding fan 425 euro.
By Aldlemmer binne earder ek twa skiep deabiten, it wurdt noch ûndersocht at dat ek om in wolf giet.