Man (43) mei skulden begjint meardere himpkwekerijen

In 43-jierrige man út Aldebiltsyl moat sechstich oeren ferplichte oan it wurk foar it kweken fan himp. De man hie yn totaal 853 himpplanten. Dy stiene yn loadsen yn Ljouwert en Holwert.
© Public Domain Pictures
De Aldebiltsylster wie begûn mei it kweken fan himp omdat er yn finansjele swierrichheden siet. Om dy op te lossen woe de man himp kweke yn in loads oan de Einsteinweg yn Ljouwert. Oan de ein fan foarich jier waard er betrape. De plysje die in ynfal. Yn de loads stiene 594 planten. De stroom wie yllegaal ôftape.
Yn febrewaris kaam foar it ljocht dat de man noch in wytplantaazje begûn wie, yn de winkel fan syn frou yn Holwert. Yn romten achter de winkel hie er nochris 225 himpplanten stean.

Skulden

Doe't de 43-jierrige man begûn mei it kweken fan de himp, hie er in skuld fan goed 50.000 euro. Dy is yn de tuskentiid allinne mar grutter wurden. Om't er op de beide lokaasjes yllegaal stroom ôftape hie, moast er netbehearder Liander goed 7.600 euro betelje.
De offisier fan justysje easke in wurkstraf fan 120 oeren en in selstraf fan twa moannen ûnder betingst. De rjochter fermindere de wurkstraf mei 60 oeren. As de man it noch in kear docht, mar er nochris 60 oeren wurkje, en dan moat er ek ien moanne de sel yn.