Sportfjilden De Fryske Marren troch drûchte letter iepen
De wedstriid- en trainingsfjilden yn de gemeente De Fryske Marren wurde wiken letter iepene foar gebrûk. Troch de oanhâldende waarmte en drûchte binne de fjilden te min om bespile te wurden. Nettsjinsteande dat de fjilden bereind binne, sitte der in soad brune en keale plakken yn it gers en groeit der in soad klaver op de sportfjilden. In pear fjilden binne oantaast troch spekrûpen.

De gemeente hat mear tiid nedich foar ûnderhâld en moat guon fjilden diels opnij ynsiedzje. De trainingsfjilden binne dêrom earst fan 20 augustus ôf te bespyljen, de wedstriidfjilden binne op 1 septimber klear. De maatregel hat gjin gefolgen foar de keunstgersfjilden.