Rayonhaad Wateren fol respekt oer helptsjinsten by grutte heidebrân

De grutte brân op it heidefjild by Wateren ropt mingde gefoelens op by rayonhaad Teddy Bezuijen fan Stichting het Drentse Landschap. Sa'n 75 bunder heidegrûn gong tiisdei yn flammen op.
De brân by Appelskea
De skrik siet der goed yn by Bezuijen. Hy fynt it hiel spitich. Mar hy is ek fol bewûndering en respekt oer de ynset fan de helptsjinsten, boeren en toeristen dy't holpen by it blussen fan de brân. ''De mensen luisterden prima naar de hulpdiensten en bleven op afstand.''
Oer de skea kin it rayonhaad noch net folle sizze. ''Alles wat kruipt of in de grond zit, zoals slangen, reptielen en insecten, is dood. We moeten nog inventariseren hoe groot de schade is. Alles wat kon lopen of vliegen, kon gelukkig ontkomen. De heide zelf zal zich wel herstellen.''
We hielden ons hart al vast.
Teddy Bezuijen
Woansdeitemoarn moasten de helptsjinsten op 'e nij útride. It neiblussen wie noch net klear. ''De hitte zit nog in de humuslaag. Aangewakkerd door de wind, steekt het vuur soms weer de kop op, maar we verwachten niet dat het uit de hand loopt.'' De brantsjes dy't no noch de kop opstekke, wurde hânmjittich blust. Sa kin de brânwacht der it bêste by komme.
Je koene der neffens Bezuijen op wachtsje dat der brân ûntstean soe. ''We hielden ons hart al vast.'' It terrein waard al ekstra yn de gaten holden. ''Maar we kunnen niet overal tegelijk zijn.'' Bezuijen moat der net oan tinke wat der bart wie as de brân 's nachts west wie. ''Nu konden we mens en dier snel evacueëren.''