Rykswettersteat spuitet gefaarlike algen fan brêge Ofslútdyk

Rykswettersteat hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei de Lorentzbrêgen yn de Ofslútdyk skjinspuite. It seach grien fan de algen op de dyk. Dat kin neffens Rykswettersteat glêdens feroarsaakje. Dêrom ha meiwurkers mei hegedrukspuiten de dyk skjinmakke. It ferkear hie fiif minuten fertraging troch de wurksumheden.