Nije krusing Damwâld moat feiliger en better tagonklik

De gemeente Dantumadiel sil ûndersykje oft de nije krusing oan de Haadwei yn Damwâld feiliger en better tagonklik makke wurde kin. Dat is de útkomst fan in test tiisdei, wêrby't ûnder mear in frachtauto fan Veenstra Transport en in bus fan BIRWA Tours oer de rotonde rieden.
Frachtwein hat muoite om de bocht te meitsjen © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Gerrit de Boer
Wethâlder Kees Wielstra wie by de test en seach sa hokker problemen de frachtauto en bus hiene om oer de te krappe krusing te kommen. Se koenen de bocht kwalik helje en boppedat ha de sjauffeurs ek in gruttere 'deade hoeke', wat wer gefaarlik is foar passearjende fytsers. De bedriuwen ha bot lêst fan de krappe krusing. Se moatte der meardere kearen op in dei del. Wethâlder Wielstra seit dat der in oplossing komt. In opsje is om de blokken op de krusing te ferpleatsen wêrtroch't der mear romte komt.