PODCAST: smoute keatsferhalen oan de foarjûn fan de 116ste Freule fan Wommels

It terras fan kafee it Reade Hynder yn Wommels waard tiisdeitejûn omtsjoend ta it Freule Kafee. Ferslachjouwers Geert van Tuinen en Sjoerd de Jong setten alles op alles om de jûn foar de jierlikse keatspartij de Freule op relakste wize ta te rieden. In jûn mei goede petearen, sterke ferhalen en muzyk fan Vangrail. Under mear foarsitter Johan van Tuinen fan de Freulekommisje skode oan, fierder it winnende partoer fan de Freulepartij fan 2016: Tycho de Groot, Tom Gerard Cats en Herman Schuitmaker. En hoe is it om mei dyn broer en neef yn in partoer te keatsen? Jurrit en Remco Osinga fan Ingelum dogge in boekje iepen. Hearst it allegear hjirûnder, yn de útstjoering fan it Freule Kafee.
PODCAST: Freule Kafee Wommels

Fan 01.55 ôf: Sjoerd de Jong en Jouke Bosje sjogge werom op wat sy tegearre meimakken op de Freule fan 2008.
Fan 14.11 ôf: kommisjefoarsitter Johan van Tuinen fertelt wêrom't de Freule gjin stichting mear is.
Fan 24.00 ôf: it Menamer partoer fan Tycho de Groot, Tom Gerard Cats en Herman Schuitmaker fertelt oer de Freulewinst fan 2016.
Fan 47.21 ôf: de Osinga's fan Ingelum (Jurrit, Menno en Remco), in partoer fan twa broers en in neef.