Skûtsjesilen by Earnewâld giet net troch

It skûtsjesilen by Earnewâld giet net troch. Nei mear as in oere wachtsjen hat de wedstriidlieding besletten om de wedstriid hielendal ôf te sjitten. Der is net genôch wyn foar in goeie silerij. De wedstriid wurdt tiisdei 14 augustus ynhelle, by Wâldsein. Dat meldt de SKS.
© SKS
It bestjoer fan de SKS ynformearret de skippers woansdeitemoarn oer de ynhelwedstriid. It kin wêze dat der keazen wurdt foar in sleepstart. De skippen dy't by De Feanhoop foaroan starten, starte dan achteroan. Foarsitter René Nagelhout fan de SKS wol hjir noch gjin útslútsel oer jaan.
Ferslachjouwer Geartsje de Vries yn petear mei René Nagelhout fan de SKS
De wedstriid fan De Feanhoop telt definityf mei foar it klassemint. Omdat der by De Feanhoop en Earnewâld lotte is, en omdat de skûtsjes yn beide plakken yn omkearde folchoarder starte, ha de skûtsjes dy't by De Feanhoop geunstich lotten in foardiel as de wedstriid fan Earnewâld net trochgiet. It SKS-bestjoer hie oanjûn dat se dêr nei sjen soenen.
Wedstriidlieder Wietse Visser
Wedstriidlieder Wietse Visser is net bliid mei de sitewaasje. "Wy hiene hiel graach sile wollen, mar de omstannichheden litte it net ta." It duorre langer as in oere foardat de organisaasje it beslút naam. "We hienen de hoop dat de wyn komme soe. Dy wie der wol even, mar it hat noait langer as fiif minuten út deselde rjochting waait. Sa kinne we net sile. It moat wol in wedstriid wêze."
Ut Fryslân Hjoed skûtsjesilen Earnewâld