Meardere campings ûntromme om grutte brân by Appelskea

Op in heidefjild by Appelskea is in brân útbrutsen. Brânwachtkorpsen út hiel Fryslân binne oproppen om te helpen by it blussen. Meardere campings yn de omkriten binne ûntromme. De brân is krekt oer de Drintske grins, by Wateren. De brânwacht set blushelikopters yn.
De brân by Appelskea
Ferslachjouwer Gerrit de Boer is by Wateren
De brânwacht hat opskaald nei GRIP3. Dat betsjut dat de boargemaster belutsen wurdt by de helpferliening. De kommissaris fan de Kening en de minister fan Ynlânske Saken wurde op de hichte steld.
De drûchte soarget derfoar dat de brân him gau útwreidzje kin. De Drintske feilichheidsregio ropt minsken op om út de buert te bliuwen, en helptsjinsten de romte te jaan. Brânwachtkorpsen út East- en Weststellingwerf binne oproppen om te helpen, krekt as korpsen fan De Jouwer, Tsjalbert, Wolvegea en De Lemmer.
Boeren út de omjouwing bringe wetter om te helpen mei it blussen fan de brân. Dy soe sa'n 150 meter breed wêze. Der komt in soad reek frij, dy't yn de wide omjouwing te sjen is. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat te sizzen.