Drûchte fersteurt Fryske natuer
In soad bisten yn Fryslân hawwe it dreech mei de drûchte. Foaral ynsekten, lykas flinters, binne in stik minder te finen yn de natuer. De sitewaasje is net krityk, seit boskwachter Tom Jager fan It Fryske Gea. Wol binne der in oantal ynsekten dy't it net maklik hawwe te oerlibjen yn ús provinsje.
Yn natuergebiet it Easterskar by Rotstergaast is it wetter de ôfrûne moannen hast in heale meter sakke. Der binne dizze moanne al in soad fisken deagien, om't der gjin soerstof mear yn it wetter sit. De iennige bisten dy't wol profyt hawwe by de lege wetterstân, binne fûgels. Leppelbekken, skriezen en ljippen komme massaal op de plassen ôf om't harren iten no in stik makliker te pakken is.
Drûchte fersteurt Fryske natuer