FIDEO: GGZ-kliïnten fertolke Fryske lânskip yn felle fluorkleuren
Slút dyn eagen. Wat sjochst ast tinkst oan it Fryske lânskip? Dy fraach krigen (ald)kliïnten út 'e psychiatry, dy't meiskilderen oan it kleurrike projekt 'Panorama INSIDEOUT. Landschap van stemmingen'. Mear as 100 minsken ha meiwurke oan it panoramadoek mei fluorisearjende kleuren. It is te sjen yn de tún fan it eardere 'gekkehûs' Grut Lankum yn Frjentsjer.
Troch: Froukje Sijtsma
Ien fan de minsken dy't meiwurke oan it Community Artprojekt is Miranda Detmar. Se fertelt maklik oer har psychiatryske eftergrûn. "Ik bin froeger bot pleage en haw in soad meimakke, lykas ferkrêftingen. It gie thús op in stuit net mear. Foarich jier july haw ik my opnij opnimme litte yn Frjentsjer. It wie dat... of einde ferhaal."
Miranda is kreätyf. Se skilderet en dichtet faker, mar noch nea wurke se mei oan sa'n grut groepsprojekt. "Mei keunst kin ik my goed uterje. It wie hiel fijn om dit mei inoar te dwaan. Ik ha nije minsken kennen leard en der binne freonskippen ûntstien."
GGZ-pasjinten fertelle mei grut keunstwurk harren ferhaal
Frjentsjer, de stêd fan de gekken
Dat wie ek it doel fan Baukje Spaltro, artistyk lieder fan it Panoramadoek INSIDEOUT. "Bij Community Art is het de bedoeling dat een bepaalde groep, een mienskip, samen een kunstwerk maakt rondom een maatschappelijk thema." Neffens Spaltro hat de bûtenwrâld al gau in negatyf oardiel klear at it oer psychiatryske pasjinten giet. "En dat terwijl zo'n veertig procent van de mensen tijdens hun leven met de GGZ te maken krijgt. We wilden daarom een heel krachtig kunstwerk maken. Een sterk beeld om een positive kant van de psychiatrie te laten zien. Dus: wat we wél kunnen en niet wat we niet kunnen."
Oan it yndrukwekkende Panoramadoek fan 40 meter gie in hiel proses foarôf. "Op negen locaties in Fryslân is aan dit doek gewerkt. Iedere groep heeft één Fries landschapsthema uitgewerkt, zoals de meren, de bossen, de horizon, de wolken, de weilanden of het Wad." It hiele doek bestiet út in ûnderlaach fan felle fluorfarve. "Het fluoriseren moet uitnodigen om buiten de eigen comfortzone te stappen en vanuit de persoonlijke binnenwereld te werken", leit Spaltro út.
Gedichterûte oan it Van Andelpaad
In draaiboek rint nea neffens planning. In bykomstichheid by it Panoramaprojekt wie dan ek dat der in gedichterûte ûntstie. "Guon minsken betrouden har gefoelens oan papier ta", seit Jetze de Vries, dy't as GGZ-ferpleechkundige oan it projekt ferbûn is. "Dêr kaam hiele moaie poezij út. Dat woenen wy ek in plakje jaan."
De gedichten binne no op buordsjes te lêzen oan it Van Andelpaad, ferneamd nei psychiater Jacobus Cornelis van Andel, dy't tusken 1935 en 1950 direkteur wie fan it Psychiatrysk Sikehûs yn Frjentsjer. "Van Andel makke alle dagen in kuier fan it akademysk gasthûs nei Grut Lankum. It wie ek dizze Van Andel dy't yn de Twadde Wrâldoarloch in soad ûnderdûkers ûnderbrocht yn it gekkehûs." Grut Lankum is noch altyd yn gebrûk, mar no as wensoarchkompleks.
Nije bestimming foar Panoramadoek
It Panoramadoek is noch oant snein 26 augustus te sjen yn Frjentsjer, fan tongersdeis oant sneins tusken 11.00 en 17.00 oere. "We zoeken nog een definitieve bestemming voor het Panaromadoek als de expositie is afgelopen . Dus mochten organisaties interesse hebben, dan kunnen ze contact met ons opnemen", seit Spaltro.