Porsche bedarret yn 'e sleat by Wynjewâld
By Wynjewâld is sneintemiddei in grutte Porsche yn 'e sleat bedarre. De bestjoerder ried yn 'e rjochting fan Easterwâlde doe't er troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e sleat terjochte kaam. Ferwûne rekke de bestjoerder net; in bergingsbedriuw hat de auto ôfsleept.
