Surhústerfeansters witte winkels goed te finen op earste winkelsnein
Surhústerfeansters witte winkels goed te finen op earste winkelsnein
Fan de alderearste winkelsnein yn de skiednis fan Surhústerfean wurdt aardich gebrûk makke. Mar seis saken binne iepen op dizze earste winkelsnein, mar de leafhawwers witte dy seis saken goed te finen.

It giet om fjouwer supermerken, de iennichste boumerk fan it doarp en de Action. Benammen de lêste winkel lûkt in protte belangstelling, mar ek de boumerk is lang net ûntefreden. "Der binne mear minsken as ik ferwachte hie", seit assistint-bedriuwslieder Roan Banga. "Minsken moatte hjirwei oars in hiel ein ride om op snein in iepen boumerk te finen, no kinne se yn eigen doarp telâne." It past de boumerk ek wol dat de konkurrinsje yn buordoarp de Grinzer Pein wol ferplicht ticht is op snein.
By ien fan de supermerken steane de earste klanten al om kertier foar ienen foar de doar, mar dat wie ek omdat guon tochten dat de winkelsnein om 12.00 oere begjinne soe. yn plak fan 13.00 oere. "Ik fyn it ideaal", seit Hinke Knegt-Postma foar de doar fan de supermerk. "Myn dochter komt werom fan fakânsje en no kin ik moai farsk guod foar har helje." Mar it histoaryske momint ûntgiet har net. "Ik fyn it hiel goed dat minsken dy't winkelje wolle de frijheid hawwe om dat te dwaan. Wa't dat net wol, dy docht de boadskippen mar op sneon."
Mear winkels
Foarsitter Ale Procee fan H&I fan Surhústerfean hâldt der rekken mei dat yn 'e rin fan it jier mear winkels op snein iepen gean sille. Foar in soad saken wie no de tariedingstiid om op snein iepen te gean oan de koarte kant. H&I wol dat stimulearje troch letter dit jier 'temasneinen' te ûntwikkeljen, wêrop safolle mooglik winkels iepen binne.
Beharkje ús reportaazje oer de winkelsnein yn Surhústerfean