Sportklup Cambuur moat besunigje op spilers en technyske stêf
SC Cambuur makket him klear foar it nije seizoen, mar de seleksje is noch net hielendal foar elkoar. Troch de degradaasje fan Cambuur út de earedifyzje yn 2016 en de degradaasje it ôfrûne seizoen fan ploegen lykas FC Twente, Sparta en NEC krije de Ljouwerters hieltyd minder jild, bygelyks út de telefyzjerjochten.

Dêrtroch kin Cambuur net de spilers keapje dy't de klup graach ha wol en moat der besunige wurde op de technyske en medyske stêf. Sa wurket de ploech op dy ôfdielingen mei dieltiid meiwurkers en net mei fêste minsken en spylje se mei jonge talinten en gjin bekende, nije spilers.
Cambuurtrainer René Hake is teloarsteld, mar seit der fuortendaliks by dat dit de klup net te ferwiten falt. Hy hat der ek alle fertrouwen yn dat mei de jonge, ûnbekende spilers in goed alvetal te meitsjen is.