Lotting SKS: startfolchoarder fan De Feanhoop en Earnewâld bekend
By de offisjele start fan it SKS kampioenskip 2018 yn Grou waard lykas alle jierren ek wer lotte foar de startfolchoarder fan de wedstriden op De Feanhoop en by Earnewâld.

Huzum mei op De Feanhoop op it earste plakje en de Súdwesthoeke hat dat plakje by Earnewâld. Op De Feanhoop en by Earnewâld is it wedstriidwetter te smel om der in iepen start yn te lizzen. Dêrom wurdt yn dy twa doarpen fan de wâl ôf starten. It skûtsje dat op De Feanhoop it earste plakje lotte hat, moat by Earnewâld op it lêste plak starte. De twadde op De Feanhoop start as trettjinde by Earnewâld, en sa troch.