Wurkstraf foar oplichter fan Drachtster kompjûterwinkel

In 40-jierrige Drachtster hat freed fan de rjochter in wurkstraf fan sechtich oeren oplein krigen, om't er in kompjûterwinkel yn syn wenplak oplicht hat. De man die him foar as meiwurker fan in keukenbedriuw en bestelde in laptop en twa tablets. Dat gie goed, mar doe't er dêrnei ek twa iPhones bestelde, waard de man op 'e die trappearre.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It keukenbedriuw hie yn de tuskentiid de rekken krigen fan de earste bestelling en kontakt opnommen mei de kompjûterwinkel. Doe't de Drachtster de twa bestelde telefoans ophelje woe, wachte in plysjeman yn boarger him op. De Drachtster bekende fuortendaliks. Hy hie wurke by it keukenbedriuw en dat wie him neffens de man noch jild skuldich.

Ferkocht

De Drachtster hie it guod ferkocht yn de tippelsône fan Grins en mei it jild in skuld ôflost, boadskippen dien en drugs kocht. Neffens de man is hy al wol fan de drugs ôf, mar om der wis fan te wêzen pleatste de rjochter him ûnder tafersjoch fan de reklassearring.