Scooterrider oppakt: gjin rydbewiis, mar wol drugs yn besit
In 25-jierrige bromfytser út Noardburgum is tongersdei yn Ljouwert oanholden foar it riden sûnder rydbewiis. Ut ûndersyk die al gau bliken dat de man ûnder ynfloed wie fan THC en amfetamine.

Yn de scooter waarden fleskes mei GHB fûn. It wie al de fiifde kear dat de man oanhâlden waard foar it riden sûnder rydbewiis. De scooter en de GHB binne yn beslach naam.