Kollum: "Ferlang-lyn"
"Ik ha ris lêzen dat as je in bepaalde langst ha, it komt troch in oantinken. As't eat noait meimakke hast, witst net wat it is en kinst der net nei langje. Dan komst al gau telâne by foarige libbens. Reynkarnaasje weromkomme yn it fleis.

De Toan fan Hilda Talsma
In hiele soad dingen witte we miskien net bewust mear, mar djip yn ús slommerje wol bepaalde gefoelens. Eangsten hearre dêr ek by. Bang wêze foar eat dat noch noait bard is yn dit libben.
Der binne ferhalen fan bern, dy't details út in foarich libben neifertelle kinne en dat kloppet dan ek noch. Yn it boek 'Return to life' fan Jim B. Tucker stiet in ferhaal oer in jonkje fan 5 dat hiel realistysk fertelle kin oer syn libben yn Hollywood. Hy hie Marylin Monroe moete en doe't syn mem in pear boeken oer Hollywood helle hie, werkende er himsels op in foto as de man dy't er doe wie. No skynt dat jonkje ek heldersjend te wêzen en dat bin ik allinnich mei de lêsbril op.
Ik ha al bepaalde langsten, mar ik wit net presys wêr't se weikomme. Sa ha ik eat mei kastielen, de midsiuwen en timpeliers. Ik gong as bern leaver nei in kastiel as nei in ferdivedaasjepark en ik sjoch it leafste kostuumdrama's fan de BBC op de telefyzje. Dochs tink ik net dat ik in keninginne wie, want ik fyn de keukens yn lânhuzen en kastielen moaier as alle pracht en preal boppe, dus miskien ha ik wol in kok west yn dy tiid.
Pleatsen en hynders sitte ek yn myn hert, wylst ik net grutwurden bin op in pleats. Ik hie ek gjin hynder mar altyd wol it langst hân om dêr by yn 'e buert te wêzen. Sa sille der ek lju wêze dy't by oaljefanten wêze wolle, of harren thús fiele yn Sina. Ik ha dat gefoel by Ingelân, wylst ik der net iens faak west ha. Ik wie eartiids sljocht op searjes as James Herriot en Dick Turpin. Letter op mr. Darcy en Downton Abby. Myn hert makket altyd wer in spronkje as ik it Ingelske of Skotse plattelân sjoch of in kreaze man yn in kilt.
In stêd seit my net safolle. Ik langje nei in djippe ferbining mei de natuer, de stilte en in tiid dat alles noch ferbûn wie mei elkoar. Hjoeddeis komst dan al gau út by in streaming as Wicca, mar mei grutte pearze jurken en wiidweidige rituelen ha 'k dan wer minder. Dochs leau ik bygelyks wol yn 'e krêft fan 'e moanne en yn in boek as 'In harmony met de maan' of by de astrology fyn ik in hiel stik werkenning werom.
Jelle en ik hiene ek it gefoel dat we elkoar al folle langer koene. Hy hat eat mei boaten. Miskien wie er yn in foarich libben wol in timpelier yn in kilt op in boat sûnder wyn yn 'e seilen. Doe kaam ik foarby op myn hynder en ha 'k him in ein op wei lutsen, nei myn keuken yn it kastiel dêr't de hinnen oan it spit hongen boppe it fjoer.
Timpeliers mochten net trouwe, mar de kar wie gau makke. It hintsje wie sa lekker en noch. Hjoeddeis draaie se oan it spit yn 'e Boretti en fanút it keukensrút hawwe wy sicht op 'e hynders en de boaten. Der is net iens in soad feroare en ik fermeitsje my noch altyd prima yn myn keuken.
'Moai ferhaal, mem lekker koart ek,' soene de bern wol sizze. Mar it is bêst aardich om der ris by stil te stean. Wêr langesto nei en hokker oantinkens soene dat wêze kinne?"