Eigener kafee Shooters ferwachtet dat sluting fallisemint betsjut
Eigener Wilfred Spronk fan kafee Shooters yn Drachten reagearret skokt op de sluting fan syn kafee. Boargemaster Tom van Mourik besleat tongersdei dat it kafee fan freed ôf in healjier ticht moat. Neffens de plysje soe it personiel fan Shooters yn drugs hannelje. Ek is der in foarried harddrugs foar de ferkeap yn it kafee oan de Súdkade fûn. Smellingerlân hat ferline jier it belied oanpast, wêrtroch't drugspannen earder sletten wurde kinne.

It beslút fan Van Mourik hat grutte gefolgen foar Spronk. Hy tinkt dat dit de ein fan syn kafee betsjut en dat hy sels fallyt giet. Fierder moat hy syn hûs út, want hy wennet boppe de saak.
Wilfred Spronk fan kafee Shooters
Spronk erkent dat der yn syn kafee yn drugs hannele waard en dat hy as eigener ferantwurdlik is foar wat der yn syn kafee bart. It is lykwols foar in kafeehâlder net te kontrolearjen oft der dealers yn it kafee binne, seit er.
Boppedat wurdt der neffens Spronk yn in hiel protte protte kafees yn Fryslân yn drugs hannele. Hy ûntkent lykwols dat dit dit troch syn personiel dien wurde soe.

Tredde kafee yn koarte tiid
It is yn koarte tiid al it tredde kafee dat yn Fryslân sletten wurdt. Koartlyn moast kafee Prins yn Kollumersweach ticht fan boargemaster Bilker fan Kollumerlân en earder dizze wike waard De Witte Kat yn Snits op lêst fan waarnimmend boargemaster Magda Berndsen sletten.