Botanyske tún yn Bûtenpost tenei ek op jûntiden iepen

Botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost is dit jier foar earst ek op jûntiden iepen. Normaal sprutsen is de hortus op wurkdagen om 17.00 oere ticht, mar op alle tongersdeis yn augustus wurdt dat ferlinge oant 20.00 oere.
Botanyske tún © ANP
De Kruidhof wol besikers sa in oare belibbing biede, mei rêst en jûnsljocht. De earste jûnsiepenstelling is takom wike tongersdei. Dan kinne besikers ek noch kieze foar in diner yn de tún, mei oanslutend in rûnlieding.