Dea stjonkbist yn Park Vijversburg yndie fan bistepark AquaZoo
It stjonkbist dat dea fûn waard by Park Vijversburg by Tytsjerk en nei it Natuurmuseum brocht is, komt yndie út AquaZoo. It bistepark is der tongersdeitemoarn efterkaam dat se in stjonkbist misse. Nei ûndersyk docht bliken dat dat itselde bist is dat yn Vijversburg fûn waard.

Troch de drûchte wie de wetterstân yn AquaZoo tige leech. Dêrtroch koe it bist fuortkomme út it park.
AquaZoo hie earst acht stjonkbisten, dêrfan binne der no dus noch sân.
It Natuurmuseum woe dit stjonkbist graach hâlde en dat mei fan AquaZoo. Sy binne der akkoart mei dat it bist no opsetten wurdt yn it museum.