Kollum: "Mem belje"

"It slimste wie úteinlik, dat ik myn mem belje moast", sei de jongeman út it publyk, en it grypte elkenien by de kiel. Dizze wike stiet Amsterdam yn it teken fan Pride. It meast bekend is de Canal Parade, mar de Pride duorret in wike, en de Parade is sa'n bytsje de ôfsluter. Minder bekend is dat der in ferskaat oan aktiviteiten, aksjes, gearkomsten en konferinsjes binne yn de wike dêr foar. Ien fan de aktiviteiten wie de foarstelling yn 'e rige 'Je Suis' fan Raymi Sambo. Ik wie dêr by belutsen om't ik it neipetear mei it publyk liede.
Botte Jellema © Omrop Fryslân
Kollum "Mem belje" fan Botte Jellema
De foarstelling hie anty-homogeweld as tema. En ik ha dêroer krekt mear as in jier lyn in radiodokumintêre makke, dus sadwaande. Dy doku gie oer wat anty-homogeweld no eins is, wa't it docht en wat de gefolgen binne. De oanlieding wie dat, yn de lêste tiid, it liket oft der mear anty-homogeweld is as eartiids. Ut myn ûndersyk foar de dokumintêre blykt dat je dit net sizze kinne op basis fan statistiken, en dat it fierder ûnwierskynlik is. Want út oar ûndersyk blykt dat 'we' yn Nederlân yn 'e lêste jierren in stik positiver oer LHBT+ minsken tinken gien binne. Dus dat sil it net wêze. De ferklearring fan plysje en ûndersikers is wat se neame in 'educated guess', en men tinkt dat der yn it ferline folle mear ûnder de pet bleau as no it gefal is. We sjogge it no gewoan mear, ek troch de snelheid en it grafyske fan sosjale media.

Dat docht noch neat ôf oan it gefoel dat benammen homo's ha: dat it ûnfeiliger is. It komt faker yn 'e media, en hoewol't de straffen op anty-homogeweld flink omheech gien binne, komt it mar selden ta in feroardieling. De twa jonges út Arnhem, dy't ferline jier mei in betonskjirre slein waarden, binne in goed foarbyld. De dieders binne oppakt en foarlaat, mar de rjochter achte it net bewiisd dat it geweld dien is mei de geaardheid fan de slachtoffers as motyf: ofwol, it is net bewiisd dat dit anty-homogeweld is.

De advokaat fan de jonges sei doe yn 'e krante dat de rjochter mei twa maten mjit, want as immen ien útskelt foar 'kankerjood', dan is sa'n persoan ûnmiskenber oan it diskriminearjen. En as der mei 'homo' of 'flikker' skolden wurdt, is dat blykber in oar ferhaal.
It liedt ta in protte frustraasje. En dat sjochst werom yn in de foarm fan in fenomeen dat 'minority stress' hjit. As je opgroeie yn in omjouwing dêr't it normaal is om mei 'homo' of 'gay' te skellen, dan ynternalisearje je soks as homo. Je geane minder oer josels tinken. En dit bart ek gewoan yn Nederlân; ûndersyk fan de Nationale Academie voor Media en Maatschappij lit sjen dat 'relnicht' en 'homo' fan de meast brûkte skelwurden binne fan bern út de heechste groepen fan de basisskoalle. Dat krûpt ûnder je hûd.
Ik ha ek minusjeus útsocht wa't dit anty-homogeweld no dogge. It antwurd is net sa ienfâldich. Der is oerfertsjintwurdiging fan Marokkanen as fertochten. Mar feit is al dat yn in plysjerapport út 2013 fêst is kommen te stean dat fierwei de measte fertochten fan anty-homogeweld in Nederlânse eftergrûn ha, sa'n 62%.
En dat binne dan allegearre sifers. Om it hannen en fuotten te jaan, fan, wêr giet dit no echt oer, is teäter geskikt. En dat die Raymi Sambo, yn in fysyk stik dat yndruk makket. Yn it neipetear stie in jongen út it publyk op dy't net sa lang lyn sels slachtoffer wie fan anty-homogeweld. Hy fertelde hoe't hy nei it jaan fan in tút oan in oare jonge op strjitte, troch immen in tik op de kiel krige.

Ik frege hoe't it no mei him gie. It wie in mentaal hiel sterke jonge, dy't hielendal net emosjoneel wurden wie of in fersleine yndruk makke. Hy stie der foar dat hy syn affeksje foar immen yn it iepenbier toane kinne moat. Mar hy hie it al lestich hân, doe't hy syn mem belle. Om te sizzen wat mei him bard wie, dêr't syn mem sûnt syn coming out benaud foar west wie.
En dat antwurd fettet foar my alles gear wêr't sa'n Pride echt oer giet."