Bruorren Van Zuiden en Hoekstra stunte mei winst 165ste PC

Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden hawwe de 165ste PC op harren namme skreaun. Yn de finale op de hillige grûn fan it Sjûkelân yn Frjentsjer fersloegen sy it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra (5-5 6-2), dat as grutte favoryt oan de einstriid begûn wie.
Bruorren Van Zuiden en Hoekstra winne 165ste PC
Yn it begjin gie de wedstriid lyk op. It earste earst gie nei de grutte favoryt yn de finale, it partoer fan Van der Bos. Dêrnei waard it 1-1 troch in bûtenslach fan Steenstra. Nei de 2-1 foar Van der Bos-en-dy waard it opnij lyk, nei in kweaslach fan Steenstra.
De partoeren pakten de earsten om en om oant 4-4. Doe kaam foar it earst it partoer fan Van Zuiden op foarsprong. In boppeslach fan Hoekstra soarge hjirfoar. Dêrnei lutsen Van der Bos-en-dy de stân wer lyk: 5-5.
Yn de apoteoaze fan de finale gie it beslissende earst nei Van Zuiden-en-dy en dêrmei waard de PC-winst binnenhelle (5-5 6-2).
Reaksjes nei PC-finale
Letter op de jûn waard Hoekstra fan it winnende partoer útroppen ta kening fan de PC. Hy krige de keningsbal út hannen fan de foarsitter fan de Permanente Kommisje.

De heale finales

It partoer fan Van der Bos berikte de einstriid troch yn harren heale finale Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar te ferslaan (1-5 6-6). De oare heale finale tusken it partoer fan Van Zuiden en Bauke Triemstra, Hendrik Kootstra en Dylan Drent waard ferrassend wûn troch Van Zuiden-en-dy (4-5 2-6).
De finalisten fan de PC © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De folsleine útslach fan de PC 2018 © Omrop Fryslân