Lanlike skjinmakaksje fan strannen úteinset op Skiermûntseach
Frijwilligers fan Stichting Noordzee binne woansdeitemoarn úteinset mei it skjinmeitsjen fan de strannen op Skiermûntseach.

Sy dogge dat al foar it sechde jier op rige, yn it ramt fan de Boskalis Beach Cleanup Tour. Goed twa wiken lang meitsje frijwilligers út it hiele lân rûnom yn Nederlân de strannen skjin.
Op Skier begjinne de goed santich frijwilligers om 10.00 oere by strânpaviljoen de Marlijn. Yn totaal hawwe har lanlik 2700 dielnimmers oanmeld foar it skjinmeitsjen fan de strannen.