Liveblog | 1 augustus 2018

LIVEBLOG: De PC yn Frjentsjer

It is de dei fan de 165e PC yn Frjentsjer. Bliuw hjir op de hichte fan it lêste nijs fan de âldste sportklassiker fan Nederlân.
Lêst bywurke: 2 augustus 2018, 13:58
woansdei 1 augustus 2018
20:14

Ein fan de liveblog

Oant safier dizze liveblog. Sjoch jûn op ús website en yn de Omrop-app foar de bekendmakking fan de Kening, reaksjes en mear. Op tv litte we jûn in kompilaasje sjen mei de hichtepunten fan hjoed.
20:09

Sjoch nei de lêste slach

Bruorren Van Zuiden en Hoekstra winne 165ste PC
Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden hawwe de 165ste PC op harren namme skreaun. Yn de finale fersloech it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra (5-5 6-2), dat as grutte favoryt oan de finale begûn wie.
20:01

Van Zuiden-en-dy winne de 165ste PC

PC-winner Thomas van Zuiden © Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
18:29

Hendrik Kootstra: "Hjir baal ik goed fan"

Hendrik Kootstra: "Hjir baal ik goed fan"
18:13

De finalisten binne bekend!

9-16 (Bauke Triemstra - Peter van Zuiden): 4-5 2-6. De finale is tusken Gert-Anne van der Bos-en-dy tsjin Peter van Zuiden-en-dy.
17:42

Renze Pieter Hiemstra: "We wiene tichterby as de tillegraaf fermoeden docht"

Renze Pieter Hiemstra: "We wiene tichterby as de tillegraaf fermoeden docht"