Ferkearsregeler oanriden yn Easterwâlde
Yn Easterwâlde is moandeitemiddei in ferkearsregeler oanriden troch in auto. Dat barde op de krusing fan de Kuipenstreek mei de Prandingawei.

De man wie op dat stuit ek it ferkear oan it regeljen en waard doe dus oanriden. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.